Yn memoriam Yme Joustra

Froskepôle, 24 july 1936 – Ljouwert, 9 jannewaris 2021

De winter rint al hast wer nei de ein.
It fjildfuotbal soe al hast wer begjinne, as der gjin koroana west hie.
Dan soe Yme Joustra wer supporterje lykas we dat steefêst fan him wend wiene. Yn de advertinsje stie:
Samar ynienen is ferstoan myn leave man, ús belutsen en altyd warbere heit en pake.

Krektlyk as noch in tal fuotballers dy’t koartlyn ferstoarn binne. Ik tink dan benammen oan Yme syn sweager, Willem Nijp en Gryt har broer Sytse.

Wa wie Yme Joustra en wat wie syn ynset foar de fuotbalferiening fan Ryptsjerk?
Hoe kaam er by de fuotbalferiening V.V. Rijperkerk telâne? De ferieniging wie doe húsfeste oan de Tsjerkelânsreed mei de yngong nei it sportfjild fan Ryptsjerk oan in dearinnend paad. Mar sneons dan wie it drok op de Tsjerkelânsreed.
Ik wenne foar de famylje De Vries oer.

Yme is berne op de Froskepôle ûnder Huzum. Hoe kaam er by de fuotbalfamylje De Vries telâne dy’t oan de Tsjerkelânsreed yn Ryptsjerk wenne en yn it bysûnder by Gryt Joustra-de Vries?

We soene de famylje De Vries fan de Tsjerkelânsreed te koart dwaan as ik Gryt de Vries en har fuotbalfamyljenamme net yn ien azem neam. Gryt har bruorren, Sytse en Rense fuotballen, har mem en suster Joke wiene trouwe supporters. Doe’t Willem Nijp letter mei Gryt har suster Joke de Vries troude, kaam der noch in fuotbalfamylje mei trije fuotbalsoannen: Tsjibbe, Tjeerd, Johan, en in dochter by op Tsjerkelânsreed.

Oan de Tsjerkelânsreed wennen in protte minsken dy’t wat mei fuotbaljen (strjittefuotbal) hiene. De famyljes: Douwes, Wijnsma, Graansma, Kingma, Allema, Van der Kooi en De Vries. Gryt de Vries kaam út de fuotbalfamylje De Vries. De fraach is dan ek hat Gryt, Yme by de fuotbalferiening belutsen, of sit it oars? De soannen fan Yme Gryt: Tsjipke, Tjeerd en Klaas, hawwe allegearre by Ryptsjerk fuotballe. Sûnder Gryt hy Yme net alles dwaan kinnen wat er dien hat. Nei’t ik wit hat Yme sels nea fuotballe mar wol skiedsrjochtere.

Yme Joustra is berne oan it wetter by de Froskepôle en wenne mei syn âlden ûnder Huizum. Yme wie in boeresoan en hie ferstân fan lânwurk. Letter is de famylje ferhuze nei Aldemiede ûnder Tytsjerk. Yme is mooglik yn de tiid fan de ruilferkaveling, dy’t leanbedriuw Jan van der Wal der yn ‘e mande mei de Heidemij útfierde, yn oanrekking kaam mei dit leanbedriuw.

Op in bepaald stuit komt Yme by it leanbedriuw fan Jan van der Wal oan Ypeijsingel 48 yn Ryptsjerk te wurkjen. Grytsje de Vries wie doe freondinne mei in dochter fan Jan van der Wal. Yme sil Grytsje dêr dus doe troffen hawwe en is yn april 1966 mei har troud. Se kamen oan de Binnendyk by de Ryptsjerkster Feart yn Ryptsjerk te wenjen. Yme wie in fjildman en mei in boatsje foarhûs yn de Ryptsjerkster Feart, wie it Grutte Wielengebiet tichteby.

Nei de earste tiid as leanwurker waard Yme letter, doe’t it bedriuw him wat mear op oare projekten sette, útfierder by Jan van der Wal. Yme hy in fin mear as in bears. Hy wie op alle fronten in persoanlikheid dy’t dúdlik, earlik en rjochtfeardich oerkaam. Yme wie in tige krekt en betrouber en wist oaren ek te motivearjen ta in heger plan. Dat kaam him letter by de fuotbalferiening goed fan pas en wichtich wie om stapkes omheech te meitsjen, sawol op ‘e ranglist, sportyf en as kreaze lokaasje en organisaasje.

Neist fuotbal wie Yme ek in mienskipsminske en natuerman. Siet yn ferskate bestjoeren dy’t syn oandacht hiene, lykas de BFVW, de knineferieniging, it skoalbestjoer, tsjerkeried en oare saken. Yme fielde him belutsen by alles wat in doarp en omjouwing leefber makket. Yme en Gryt, beide leden fan fertsjinst, hawwe harren folslein ynset foar de doarpsmienskip fan Ryptsjerk en de V.V. Rijperkerk yn ’t bysûnder.

Hy hat him mei in soad oaren tige ynset foar de BFVW en eineferieningssaken. Hy soarge mei soan Klaas foar gesellige en natuer-edukative jûnen. Oant it lêst ta koene jo him alle dagen om it doarp hinne fytsen sjen mei each foar wat der yn it fjild geande wie en wat der noch fan de fûgelstân oer wie. Faak mei pine.

Yme hat nei de middelbere lânbouskoalle gien. Letter, nei it ferstjerren fan Jan van der Wal, is er nei de firma Ooms gien as útfierder. Hy koe dêr doe ek wol haadútfierder wurde mar dat wie Yme syn doel net. Hy woe mei en tusken de jonges as útfierder wurkje en dus by de minsken op it wurk bliuwe.

Fryske hynders; dat wie in hobby fan Yme en syn heit. Nei’t er al ferkocht wie, hat Yme letter ien fan de stamboekhynders yn Droegeham weromkocht. Lange jierren hat er altyd Fryske hynders hân oan de Binnendyk by de Ryptsjerkster Feart, dêr’t er al sûnt syn trouwen wenne.

Twa perioaden, fan augustus 1978 oant septimber 1988 en fan 1994 oant 1996, wie Yme foarsitter fan de V.V. Rijperkerk. Neist it foarsitterskip hat er ek oare taken útfierd, lykas jeugdlieder en skiedsrjochter.

Yme woe de dingen nea heal dwaan. Hy wie in perfeksjonist. Hy hat him ynset foar bettere omstannichheden by de klup û.o. fjilddrainaazje, ferljochting, en de iepening fan it klupgebou “Us Doel” yn 1979.

Yme woe wat berikke mei de klup en wie net mei in seiske tefreden. Hy woe it leafst winne, mar wol op in earlike en sportive wize. Dat tocht er te berikken mei goed oplate trainers en in kreaze húsfêsting. Korrekte opfang fan skiedsrjochters en goed gedrach foar elkenien oer dy’t by de V.V. Rijperkerk op besite kaam. Jeugd moast sawol technysk en taktysk oplaat wurde troch goede jeugdtrainers en de kondysje moast net efterbliuwe. Tal spilers binne út de klup wei yn ‘e rin fan ‘e tiid oplaat ta haadtrainers û.o. A. Wijnsma, Gauke Kootstra, Pieter Allema en Johan Nijp. De resultaten wiene der ek neffens mei tal kampioenskippen en op dit stuit al wer in grut tal jierren yn de tredde klasse fan de KNVB.

As jo by him oan de line stiene dan kaam der altyd in analyze oer it fuotbalspul en trainers, dy’t opbouwend kritysk wie. Hy hold net fan skopploegen, dy komme nea heger sei er. En dat wolle we by Ryptsjerk net. Mei de Fair Play Cup fan de FVB yn 1986-1987 as resultaat. Elk moast fuotbalje. De mindere talinten dogge ek mei, wie syn tinken. De jeugd moat ‘fan ‘e dyk’ dus: fuotbalje!

Yme hat oant it lêst ta altyd supportere.
Hy hat oant de koroanatiid ta ek altyd oan ‘e line stien.

We sille Yme Joustra misse.
Foar de famylje is it ferstjerren fan Yme grif in grut gemis. We winskje Gryt Joustra-de Vries, de bern en pake en beppesizzer en alle oare famylje in soad sterkte ta om syn ferlies te ferwurkjen.

Ut namme fan it bestjoer fan de V.V. Rijperkerk,
âld- bestjoerslid, Jan Siebes van der Kooi.

Febrewaris 2021.